Boek Piet Paaltjens                                   Piet Paaltjens  Dichter-dominee  1835 - 1894                             


Beginpagina

Jeugdjaren in Leeuwarden

Studententijd in Leiden

Predikant in Foudgum

Predikant in Den Helder

Predikant in Schiedam

Over Piet Paaltjens

Culinaire citaten

Gedichten over eten en drinken

Culinaire bloemlezing

Culinaire links

Culinaire reizen, kooklessen

Contact  
de ljochtsjes fan it kafee

nachts as ik troch de doarpen ryd
sjoch ik de ljochten fan kafees
lokjend lâns my gliden
skol-bols-kabouter-
amstel-grols en heineken

ik jou dan eefkes hurder gas
-yn it ferkeat perfoarst gjin alkohol-
en de plusen gerdinen hâlde
har geheimen ferburgen yn 'e nacht

thús komt dan wer weemoedigens
net iens om de net opnommen slokjes
mar om dat idee fan
wat soe 'k no wer mist ha

as safaken

Jan J. Bylsma  1931
Ut: Machtich as de miggen en oare fersen
Friese Pers Boekerij bv Ljouwert 1984