Lofbaarnen De dagen geane ûnder Yn wazich-waarme glâns, It âld-belibbe wûnder Rint de ekers oer en lâns. De dagen krieme jimmer Yn koarter, têder kear: De úrsetter fan 'e simmer Yn heale hear en fear. Dit feest giet ûngemurken Sa dimmen om en ta, Sa stilwei yn 'e wurken En wol gjin namme ha, Gjin krânse is der wuolle Ta dizz' bestille freugd'; De frucht út 'e eker dolle, Rûn en glêd fan deugd. Lang ûnder lof en klimmer Hat ree te rypjen lein De risping fan 'e simmer, No ûnder heappen slein. Gjin krâns', mar in krûdige prikel driuwt yn 'e jûntiid oer, Mei 't bidden fan in wikel Tsjin 't ûndergeande fjoer. Dan, yn in stadich einen, As blink foar goede dea, Begjint oan al de einen In baarnen sêft en rea. De loft fan blide boeren Giet oer de bouwen rûn, It binne hat alterfjoeren Dy't baarne yn 'e jûn. Douwe Tamminga 1909 - 2002 Ut: Brandaris 1938 |