Piet
Paaltjens
Dichter-dominee 1835 - 1894
Net oer in noas Beppe yt se prakt, mei in lyts kûltsje sjú ús hippe mem hat se net op ’t menu op skoalle biet ik yn in rau eksimplaar mar dat wie in stimpel, dus gjin itenswaar ús heit docht graach tsien dingen tagelyk it fjoer op fûl, lykas de muzyk ferjit hy it iten, dan de panyk de stank yn ’e hûs is manjefyk! by buorfrou yn de oven mei skyl en al mei ik net, ik slyn de raande tsiis dan fral Jint hat in hiel frjemde ierdappelnoas mar dat, ik wit it, is wer hiel wat oars Myn favoryt? Ik hâld it koart, is in grutte pûde patat! Tialda Hoogeveen 1974 Uit: Us aller ierdappel Utjouwerij Frysk en Frij 2024
|