Boek Piet Paaltjens                                   Piet Paaltjens  Dichter-dominee  1835 - 1894                             


Beginpagina

Jeugdjaren in Leeuwarden

Studententijd in Leiden

Predikant in Foudgum

Predikant in Den Helder

Predikant in Schiedam

Over Piet Paaltjens

Culinaire citaten

Gedichten over eten en drinken

Culinaire bloemlezing



Contact  
Sûpstipmosterdstip

as wichtichst yngrediïnt: de earste,
echte, nije ierappels en dan ek, dêr
kin' we net omhinne, sûpenmoallenbrij
Frânske moster en in pûn fet spek

de nije ierappels skrabje en dan siere
de plakken spek lang en lekker bakke litte
se moatte droech en knapperich wêze
dan dêr gâns sûpenbrij oer hinne jitte

de seane ierappels op it board yn stikjes
prippe en rij bestipje mei in flink diel
fan de Frânske moster, it spekmingsel der
oer hinne dwaan: dêt hast dyn goadenmiel!

ik mis dy earste, nije ierappels, ús heit krige
se rjochtstreeks fan 'e klaai en dan op snein
wie 't feest, wy ieten sûpstipmosterdstip!
de âlde knollen wiene dan foar troch de wike.

mar dat wie doe en sa't ús mem it makke
nije ierappels hearre by in fier ferline
hjoed-de-dei binne alle ierpels kerktsa en
wêr yn dizze wrâld kinst sûpenbrij noch fine

dat ik doch it no mei bildtstar en wat spekjes
biologysk hielendal in oarder, fan earmoed
wat crème fraîche, moster is noch moster
en wat pûltsjes, griente makket in soad goed

mar it bliuwt fanself behelpen, bildtstar giet
noch wol mar pûltsjes en crème fraîche?
it is as set men in cd fan Ramblin' Eddy op
wylst men hearre wol nei Johnny Cash



Jan Kooistra  1959
Uit: Us aller ierdappel
Utjouwerij Frysk en Frij 2024