Boek Piet Paaltjens                                   Piet Paaltjens  Dichter-dominee  1835 - 1894                             


Beginpagina

Jeugdjaren in Leeuwarden

Studententijd in Leiden

Predikant in Foudgum

Predikant in Den Helder

Predikant in Schiedam

Over Piet Paaltens

Culinaire citaten

Gedichten over eten en drinken

Culinaire bloemlezing

Culinaire links

Culinaire reizen, kooklessen

Contact  

Alde Herberch

Ald is de taep mei brúnbirikke souder.
Soms komt in reizger noch in winterjoun.
Riboskjend slacht hy him de snie fen 't skouder
En skikt mei om é hird en freget soun.

Hwet krûdig praet yn 't ljochtroun fen in lampe
Dy't slûch en walmich baernt. Gewach fen wyn
En heiljacht bûtendoarren. Hoeven stampe
Foarby. Elts ding hat syn forline yn.

En letter, bêdde yn koel en styslich linnen,
Bringt, by de slach fen syn forreizge hert,
Ien him syn wondre útreis wer to binnen:

Moarn is it spoar forwiske, moarn forstjert
De lêste hope om ea it lok to winnen.
It hert slacht fierder, fynt syn herberch net.



D.A. Tamminga  1909 - 2002
Bron: Nije Gedichten
Fa. J. Kamminga, Dokkum 1945