Boek Piet Paaltjens                                   Piet Paaltjens  Dichter-dominee  1835 - 1894                             


Beginpagina

Jeugdjaren in Leeuwarden

Studententijd in Leiden

Predikant in Foudgum

Predikant in Den Helder

Predikant in Schiedam

Over Piet Paaltens

Culinaire citaten

Gedichten over eten en drinken

Culinaire bloemlezing

Culinaire links

Culinaire reizen, kooklessen

Contact  

De beantsje fretters


Yn it âlde Fryske lân, tûzenden jieren lyn,
Regearde Wodan mei straffe hân sa’t it skynt.
Hy hâlde noed oer bist en plant, hiel beret.
Ek oer de minsken, al wien der doe safolle noch net.
Us gea wie ûngastfrij en it libben sa rûch as tou
Koartkriemd in bestean mei in bytsje wille en in protte rou
De see smyt har sâlte wetter, mei weagen meters heech,
It lân op, elts wêzen, lyts of grut, hie’t mar dreech.
 
Ek yn’e omkriten fan Skuzum gie it need om en ta.
Dat hjir har doe twa manlju te wenjen set ha!
Dy twa wiene Jehannes Bonia en Piter de Brekker,
De earste serieus en de oare in nuvere bûksprekker.
Tegeare makke se in grutte bult fan stien en fan drek
Dy moast harren beskermje tsjin’t wetter, eins net sa gek
Want sa bleaunen se droech en boppedat bouden se in klinte
Tige ienfâldich en net te fergelykjen mei in preemje-A-wente,
Mar Jehannes en Piter wiene der beide tige lokkich mei
En lutsen harre neat oan wat in oar dêr fan sei.
Op de kliemske klaai ferbouden se grienten, in hiel ferskaat:
Woartels, beantsjes, reade-witte koal en de echte terpslaat.
Mar op ‘e klaai woe eins neat groeie, sa ticht by’t soal,
Útsein dan de bearntsjes, want dy groeiden as koal.
‘’Och’’ sei Jehannes, ‘’Wy ha te iten dus klaaie wy mar net.’’
‘’Wy sille net ferhongerje’’. En sa wie’t mar krekt.
 
Op in dei kaam Hesselius Boumanus op in hynder by harren del
En dy hat it nijs doe oan in elt wa’t er trof trochfertelt
Want doe’t hy de manlju frege wa’t se wiene sei de Brekker:
‘’Wy binne Jehannes en Piter; wy binne de beantsjes-fretters!’’
Binnen de koartse kearen hiene de manlju oanrin en klandyzje
Se ferkochten de beantsjes of ruile se foar koal of andyvy.
Jehannes en Piter waarden sakenlju, goed yn’t sâlt bebiten,
Minsken koene dêr beantsjes keapje, mar ek noch in hapke ite.
De beantsjes waarden serfeart mei frijwat opsmûk en glamour,
It ythúske waard ferneamd fan Dokkum oan’t de Lemmer.
It gong harren foar de Noarderwiin, se libben sawat yn’t plús
Men koe dêr net allinich ite, mar ek wol út fan hús.
 
It jild streamde, lykas de see, mei bakken nei binnen
Mar fan gleonens nei jild wurde goeien ek wolris minnen.
Sa barde dat ek mei Jehannes Bonia en Piter Brekker;
Se fochten alle dagen, it waard alsmar gekker en gekker.
Harren omgean mei mekoar hie wat wei fan hiele woaste weagen,
Se gunden mekoar net iens amper it ljocht mear yn’e eagen.
Sa koe dit net langer, dit rûn suver wat út hân.
‘’Dy twa moat útmekoar!’’ Sei in Grietman mei’t folle ferstân.
Sa hie er sein, dus sa waard it ek mar dien
En beide bin doe elk mar in kant út gien.
Jehannes boude in state en Piter in ienfâldich hûs,
De frede wie kommen, mar it doarp rekke wat yn’e sûs.
It ythûske rûn doe al net mear sa as it altiid rûn
En lang om let is it dan e kalhiel ferdwûn
De terp, dy’t de namme Ytsingahuzum krigen hie,
Wie eins it ienigste wat der fan oerbleaun wie.
Gjin kloften iters mear en net langer mear útfanhúzers
Dêrom waard Ytsingahuzum yn’e rin fan’e tiid koartwei: Skuzum
Mar in libben tusken sé en marren luts wer nije minsken oan
Want earlik is earlik, it libben op dit plakje is tige skoan.
Generaasje nei generaasje fûn hjir syn stee en syn gerak
En al dy’t hjir wennen fine it allegear in bysûnder plak.
 
Dit doarp, yn âldfaers tiid dellein tusken dyk en pealen
Is no al lang it doarpke fan ierpels en fan kealen.
Mar ien ding fan’t ferline is men net fergetten:
Skuzumers binne en bliuwe foar ieuwich beantjes fretters.
As men no lâns de seedyk sa fan Piaam nei Makkum giet
Dan sjocht men oer de lannen in byld út lang ferfleine tiid.
Proastich stekt it tuorke fan de Skuster tsjerke ôf
Tsjin de wiit en blaue loften, dêrfan krij ik nea genôch.
Dan tink ik: ‘’Dy Skuzumers binne wier noch net sa min’’
En it bewiist mar werris wer’t in lyts doarp grut yn wêze kin!

Wim Beckers. 1955
Beantsje fretters is de bynamme fan lju út Skuzum. Fanwege de iepening fan in kultureel sintrum yn Skuzum (wat ik iepenje mocht) skreaun ik dit epistel.