| De lytse man De
leafde fan de boargers ta God set yn, as it fegetative libben op folle
toeren rint. Kierkegaard
 
 
 In
lytse man
stiet
lûd to
sprekken
 en
docht de hannen frommich gear.
 Dan
sjocht er 't miel op 't wife lekken
 en
yt foar 't antlit fan de Hear
 syn
jirpels, fleis en stoofde parren:hy
nimt in reade apel ta.
 Dan lit er alles stil fortarre
 en tanket wer: it smakke sa.
 Hy
docht syn wurk yn koarte riten,mar
fynt himsels yn hear en fear
 de
jouns werom by 't broggebiten.
 Dan
leit de frou de krante klear.
 En
op in dei dan stiet de pannemei
't lêste iten foar him ré.
 Hy
grypt der nêst mei beide hannen
 en
freget net mear om de thé.
 
Gerben
Brouwer 1902 - 1982Uit: De Tsjerne, jaargang 17, 1962
 
 
 |