Boek Piet Paaltjens                                   Piet Paaltjens  Dichter-dominee  1835 - 1894                             


Beginpagina

Jeugdjaren in Leeuwarden

Studententijd in Leiden

Predikant in Foudgum

Predikant in Den Helder

Predikant in Schiedam

Over Piet Paaltens

Culinaire citaten

Gedichten over eten en drinken

Culinaire bloemlezing

Culinaire links

Culinaire reizen, kooklessen

Contact  

De Wâlden

Wi bin' fan 'e Wâlden.
Hjir wennen ús âlden.
Hjir krigen wi mosterstip
bi d'ierpels, de giele,
Soms joech de petiele
- o pré - ek wol roggeneprip!

Hjir wiene wi knapen.
hjir stielen wi rapen.
Hjir siet ús de plysje efternei.
Wi bost'ren bi stuiten
op mosken. En fluiten
op 't hout fan é koetsebei.

Hjir sjongt it rebyntsje,
Hjir boartet it wyntsje
mei bûke-en mei ikeneleaf.
Hjir waechst de klimmer
en stiet yn é simmer
de rogge as goud yn 'e skeaf.

Hjir lizze de skaden
oer wegen en paden.
It njirrekrûd krûpt oer 'e dyk.
Hjir kueret de sinne
troch blêddegrien hinne.
Hjir fielt eltse Wâldtsjer him ryk!

Dam Jaarsma  1914 - 1991
Bron: Achtkarspelen S.J. van der Molen
Drukkerij en Utjowerij Laverman N.V. Drachten 1962

petiele - platte schotel
roggeneprip - roggebloem in water of melk gekookt
njirrekrûd - adelaarsvaren