Boek Piet Paaltjens                                   Piet Paaltjens  Dichter-dominee  1835 - 1894                             


Beginpagina

Jeugdjaren in Leeuwarden

Studententijd in Leiden

Predikant in Foudgum

Predikant in Den Helder

Predikant in Schiedam

Over Piet Paaltjens

Culinaire citaten

Gedichten over eten en drinken

Culinaire bloemlezing



Contact  

Jurjen mei de leppel

en in den toonaard van Murk en Ald Greultomme

Boer Jurjen wenne yn Duurswâlde;
It wie in boer dy splintom hie
En dy him oan de leppel hâlde
En aek in feardig yter wie.

En dêrom droeg er yn syn bokse,
As wie 't in ivich servitút,
In grutte leppel by de hokse,
Dy aardich foege nei syn snút.

Hwent sjog, hy hie in toet as fjouer,
Dy roan oan beide earen ta.
En môlkenbrij mei groat fen hjouwer,
Dêr koe hy fiif mansmiel fen ha.

It wyt fen d' eagen liet er kypje
As boerom yn de beane biet.
In goed heal ljippen koe er hypje
As hy er mar ris fiks ta siet.*
Syn sulver heften mês dat toarke
Al meast sa yn de kiste om.
En och, syn beste stielen foarke
Dêr skraebbe baes de pot mei om.
En praette it folkje fan Duurswâlde
Fen Jurjenboer syn minskemin,
Hy sei: ik wol myn leppel hâlde,
Sa lang as Jurjen yte kin.’

Ik wol gjin mes of foarke broeke.
En sei er ien: Wel, dat is raer!
Dan sei er: wol rin nei de stoeke!
'k Haw ommers dochs myn eigen kar.

Mar droevig is it om te hearren
En 't wie aek fen syn Dokter dom;
Want och, syn leppel die him 't stearren,
En dogs der skriemde nimmen om.
De boer hie grouwe earten yten,
En dêr wie twa poun spek by dien,
En dêr in kanfol smoar oer smyten,
En dat siet hird him as in stien.

Want o! hy krige in lilke sjogte,
En Dokterom dy joech him gûd.
Dat smakke heislik en hy togte:
O, Jurjen, Jurjen! nou moast foart.

De dokter sei: Gij moet purgeeren,
Dat spek en erwten moeten voort:
Om 't uur een lepelvol proberen!
't Is een purgatie zoo 't behoort,
It drankje moast in dei twa doerje,
Mar mei in heal dei wie 't 'er yn.
En hy koe hast gjin oere toerje,
Doe wirke 't drankje as fenyn.
Toe, helje gau de dokter harren!
Syn wyfke keffe as in teef.
De Dokter sei mei folle swarren:
Dat was geen lepel, 't is een sleef.

Had ik doe mar een braakdrank geven,
Dan was de heele boel er út.
Maar, nu, nu kost het hem het leven.
En ja, de dea wie ek 't beslút.
Mar mes noch foarke mogt men broeke
Op 't greate leedmiel nei syn dea,
En krintebôllen net oanroeke,
Of skinke, tsiis, nog bak, nog brea.
Mar âlderbêste grauwe earten
En mei rezinen dêr noch by.
En 't leedmiel waerd yn 't ein besletten
Mei moddertsjokke rizenbry.
En wa dy oait syn leppel miste,
Us Jurjenboer dy mist him net,
Hwent sjog, hy krige 'im yn 'e kiste,
Sa waerd hy yn de ierde set.
Grouw, 6 Febr. 1855
Dr. Eeltje Halbertsma  1797 - 1858
Uit: Dr. Eeltje Halbertsma, zijn leven en werken door J. Hepkema, tweede deel.
Drukkerij Nieuwsblad van Friesland  1898
* Wij hebben nog iemand gekend te Oudeschoot, in de wandeling Hendrik Pypker
geheeten, van wie gezegd werd, dat hij 'fiif fjirder ierpels en in heal kynzen brij'
kon huffen, als hij er 'fiks ta siet."