Piet Paaltjens
Dichter-Dominee 1835-1894
Kjeld
Hy hat de kuolkast iependien
It iis yn 't friesfak
knypt de trije stikken bôle plat
Hy taast nei 't kâlde ûnske ham
Fla yn it healmingels pak
mei ûnmacht iepenskuord
ferlernt de tsjokke drippen
op it gehak, dat earjuster
al oer de datum wie
Appelsmots rint stadich
nei de aaien
in sinesappel
it skearspegeltsje?
hoe sa do hjir?
rûnom kjeld
Gryt Witbraad 1944
Bron: Fryske Skriuwerskalinder 2010