afbeelding Piet Paaltjens

Piet Paaltjens

Dichter-Dominee 1835-1894



blauwe druifjes


Lofbaarne

No efkes oan 'e smoute kant
Mei 't brânark yn 'e hân.
In lúsjefers; in topke strie:
It lof komt yn 'e brân.

Sjusa, in flamke komt der út,
De reek giet oer it lân;
De man hat altyd mei sok fjoer
Sa'n boarterswille hân.

Hy skoddet mei de lofbult om,
En stiet der nei te sjen,
En stoarret yn dat flamtafriel
As wie er noch in bern.

Mar kom, net peinzje en dreame no:
It wurk ropt altyd wer;
Mear bulten moatte 'er yn 'e brân,
Strak lôgje se allegear.

Hy rint mei 'n foarkfol baarnend lof
't Lân op fan bult nei bult;
Wat lûke 'er griene gjalpen reek
't Lân oer nei 't fiere fjild.

Wat jouwe in reade flammen kleur
Oan 't wyndren fan de reek,
As wie it hjir in heksedûns
En it fjoer in toverstreek.

De jonges komme 'er al op ôf;
Sa'n brantsje loek har sa;
Hja kinne yn 't rinnen troch de reek
In swiden wille ha.

No sykje hja de ikkers ôf;
Dêr leit noch frucht fan 't lân:
Hja fandlje in hânfol ierappels op,
Dy saaie se oer yn 'e brân.

Is aanst het lof de loft yngien
Dan komt de neipret oan:
Sa'n ierappel, bret yn 't lofbultfjoer,
Wat smakket dat dochs skoan.

Sa baarnde de Germaan alear
Syn goadefreugdefjoer,
En dûnse dêr dan sjongend by
Yn de iepene Natoer;
Sa hâldt it fjoer syn wûndre glâns
De tiid fan de ieuwen oer:
En peinzjend by syn brantsje stiet
Wer as in bern de boer.



A.M. Wybenga  1881 - 1948
Ut: Ljocht oer 't fjild, 1940

kat en muis
Home, websites over eten,over Piet Paaltjens, gedichten recepten, culinaire citaten,
 columns van Klaas, reacties