Boek Piet Paaltjens                                   Piet Paaltjens  Dichter-dominee  1835 - 1894                             


Beginpagina

Jeugdjaren in Leeuwarden

Studententijd in Leiden

Predikant in Foudgum

Predikant in Den Helder

Predikant in Schiedam

Over Piet Paaltjens

Culinaire citaten

Gedichten over eten en drinken

Culinaire bloemlezing

Culinaire links

Culinaire reizen, kooklessen

Contact  

Lunchroom "De Unie"

De glêzen doarren draaie en it rint gau fol,
tolve oere, drokke strjitten sizze 't jimme wol.

Petear giet ôf en oan, de typewriter swijt,
dit is in plakje dêr 't in boer gjin wille krijt.

In laits lûkt op as mei in twirre, efkes fel;
dan sjugg' de skoalfamkes wer de Nijsted del.

Hjir spilet elts syn rol wat heger as syn wrâld
en is in bern fan fjirtjin sawat tweintich âld.

Ik tink myn heit hjir tusken yn, yn melkersklean,
syn smoarge pet soe by it pommadehier wol stean.

Of mar us mem as dy 't mei kealledrinken sjout
en efkes fluch de lytse bichjes sûpe jout.

Der sitte mear dy 't ik wol ken, hja kenn'my net:
in freon fan 't doarp is lang gjin freon mear yn é stêd.


Johan D. de Jong
Uit: Lunchroom. 1936
In de dertiger jaren was Lunchroom "De Unie" gevestigd in
Leeuwarden, aan de stille kant van de Nieuwestad.