Boek Piet Paaltjens                                   Piet Paaltjens  Dichter-dominee  1835 - 1894                             


Beginpagina

Jeugdjaren in Leeuwarden

Studententijd in Leiden

Predikant in Foudgum

Predikant in Den Helder

Predikant in Schiedam

Over Piet Paaltjens

Culinaire citaten

Gedichten over eten en drinken

Culinaire bloemlezing

Culinaire links

Culinaire reizen, kooklessen

Contact  

De Poep en de Húning

     ________

    ( In âld Teltsje )

By úses wier forline jier
In poep, ik mien in hantsjemier,
Yn 't wurk, in tiege "grienen."
Sneins gyng er trou nei tsjerke ta
En naem, lyk as dy lju dat ha
Syn brea den mei yn ienen.

Hy kaem ris yn de winkel gean
En seach by 'n fet Klaes bakker stean
Om 'r húning út to krijen.
Us poepke sei: "Was ist das, baes?"
"Wel, dat is moster!"andere Klaes,
"Wolst priuwe? Ik mei 't wol lije."

Us poepke priuwde en jonge, ja!
Dat smakke goed! hy woe hwet ha.
"'k Forkeapje 't net, mar wotst er
Abslút fen ha, gean flak hjir oer!"
Sei baes, "en freegje dêr for 'n stûr,
Den krijst bipaeld wol moster!"

De poep stoep nei de mosterman
En sei: "mach ich für 'n stûber van
Die moster van jou vrage?"
Baes Sije skepte it mjitsje fol
En sei: "siz my, hwêryn jy wol
Dit tinke mei to dragen?"

De poep jowch gau in stoer en sei,
Det hy it opiet. Mar,  o sei!
Do 't hy in goede hap die,
Smiet hy fen kjeltme it mjitsje dol
En gûlde sa ûnhjirmlik mâl,
Det 't súver in ôfgriis wie!

De poep, die balte: oa!  mein aug'!
Mein aug ist wech! mein ander aug,
Dat gait auch wech!"En Sije,
De frou en al syn húsfolk mei,
Dy prústten 't út, do 't hy yet sei,
Wylst hy mar stoe to feijen:

O, jé! o jé help my toch baes!
Het prikt mich soa! Doar geet mein naes....
Mein naes!".... Do waed 't net better
Mei laeitsen en gebear, o, fij!
Klaes bakker wier 'r fen sels ek by,
Yet faek forhelle 'r 't letter.

Roardhúzum.     J. Hornstra

Bron: Blommekrânse for Tsjibbe Gearts van der Meulen,
         op syn tachtichste jierdei. 6 Maeije 1824 - 6 Maeije 1904