afbeelding Piet Paaltjens

 Piet Paaltjens

blauwe druifjes


Rubensmerk Antwerpen,

karakollekes waffels en kriekelambiek
krûdige frikandellekoeken
om 'e tosken rint my it wetter

de krêmekes slikje ik
my om 'e mûle hin wei
moatst ek noch pratende bliuwe
hannen komste tekoart

pûdeagjend besjoch ik
de rigen fan kreammen
de útstallings sy roppe my ta
yt en priuw hoe swiet
dat ús skepper en skriuwer is

net omdôch rinne God
en syn apostels
yn 'e sêgen en leginden
genietsjend troch Flaanderlân

mei in stik hesp
yn 'e iene en in
pinteke bier
yn 'e oare hân

wat in lân
om nea te ferjitten.

Reinhard Verveld. Geboren 1931 in Brugge en sinds 1974 woonachtig in Stiens.
Vanaf 1979 schrijft en dicht hij in de Friese taal.
Dit gedicht staat in de bundel "Dichterspaad", uitgegeven in 2001.
 
 

kat en muis

Home,  websites over eten,over Piet Paaltjens, gedichtenrecepten, culinaire citaten,columns van Klaas, reacties