Boek Piet Paaltjens                                   Piet Paaltjens  Dichter-dominee  1835 - 1894                             


Beginpagina

Jeugdjaren in Leeuwarden

Studententijd in Leiden

Predikant in Foudgum

Predikant in Den Helder

Predikant in Schiedam

Over Piet Paaltens

Culinaire citaten

Gedichten over eten en drinken

Culinaire bloemlezing

Culinaire links

Culinaire reizen, kooklessen

Contact  

In Sûper en de Dead.

Hy hie de rûs wer binnen,
En as in ûle, dy 't men deis net sjucht,
Omdat er oars net as yn 't tsjuster fljucht,
Sa gyng er mei bidoarne sinnen
De herberge út.  De gong wier hast to nau;
                         Den skûrre
Syn tsjokke pamps oan 'e iene en den oan 'e oare mûrre.
Dôch al syn tiid, hy rekke gau
De bûrren op. 't Wier yslik waer,
It waeide en reinde en rûsde raer.
Dat fierde yn syn biroaide kop
De drank yet mear nei boppen op.
Hy strample foart en sei: "Dat  is in waer, fordomd!
Ik wit net ho 't in nochtren minske,
Lit stean in dronken, 't paed lâns komt."
Mar al ho bot er 't waer forwinske,
Dôch moast er fierder en sa kaem
Er oan in steechje ta, dêrmoast er troch  yn 't tsjuster,
Mar mei 't er dêr de gier yn naem,
Dêr strofle er oer de roaster
Fen 't sinkgat en hy foel. "Sa divels, net?
Hwa het sa'n ding hjir foar myn foetten set?"
Mar flokte er al, syn swiere lea,
Dat fielde er, wieren gâns skansearre.
Hy wrotte om wer oerein te gean;
Dat lokt, howol 't him earst mislearre.
Mar wé, ! hwet seach er dêr yn 't tsjuster stean?
In skynsel, sikerwier ! Ja, 't wie de bléke dea.
"Kom,"rôp er. "lit my troch, hwet docht de man fen bonken
My yn 'e wei? Hwet donder woste, sei?
Kom, lit my troch! Mien net, al bin 'k hwet dronken,
Da'k bang bin, wrachtig net! Ik smyt dy út 'e wei.
Kom, lit my troch!" ___ "Bidarje mar,"
Sei do de dead, "doch net sa folle war.
Ik hab hjir al hwet op dy wachte,
Nou wol ik greach in wirdtsje twa
Hjir onder fjouwer eagen ha.
Sjuch, dou en ik wy wirde net folle achte;
Men ropt: "Sjuch dêr dy sûphâls gean.
Hy kin pas op syn skrinkels stean,
In baerch, jandoarje! wint it fier
Yn flinkens fen sa 'n dronken dier."
En al sa hwet. En den fen my,
Al ha 'k in greate hearskippij,
Kinne ek de skimpers al net swije.
Nou freegje 'k dy, myn goede frjeon,
Hwa mei dy smeulske praetsjes lije?
Hwa soe dêr net syn nocht fen krije?
Dêrom hab ik in kladtsje skreaun,
Sjuch, dêr mast dou din namme op sette,
Den kin 't dy rabberij bilette.
De ynhâld is. dat dou nimste oan
It slokjedrinken noait te litten,
Mar fan de joune ta de moarn
Mei maten yn 'e kroech te sitten
En se oan to fiterjen: "Drink jimme fol en roun;
It makket siike magen soun;
Sa scil ús wis de dea forjitte!"
En wyls stân ik just op 'e loer,
En hear of boarger, feint of boer,
Dy 't sa dêr 't ljeave libben smeitse
En mei de geast fen fitryoel
En swevel tige hjar formeitse,
Dy scil ik mei myn seine reitse.
Bitink, ho mannich-ien al foel,
En och! ho mannich scil yet fâlle,
En elk, dy 't sa nei ondren rôlle,
Waerd bút for my. Nou, elke jager wol
Neat ljeaver as op jacht de weitas tige fol;
Sa bin ik ek. Nou, scil 't mar wêze?
Yn 't tjuster kinst myn skrift net lêze,
Mar ik stjûr dy de hân; sjê dêr,
Dêr hast de pinne!"___Mar de sûper
Sei : "Hark ris! as ik ienkear stjer,
Ho komt it den ? Ik stean dy net, dou glûper !"
"Den sciste, " snaude 'm de âlde ta,
"It bêste plak yn Hantsje-oms stookhok ha.
Mar to nou ! dou ontkomst my dôch net mear.
Hawar ! hjir is de goezzefear,
Skrjuw op !"____De sûper hie gjin kar,
Sa dat de oerienkomst teikne war.

Sint het de sûper mei de dea
Yn iendracht libbe. De iene glûpt
Dêr 't oere plakt en krast en sûpt.
De iene docht it lichem kwea
En de oare makket stikkne lea.
Hwer 't oait in sûper huzet dêr
Is ek de dead ticht by en bringt,
For fêst. as hy mar efkes winkt,
De siele en 't lichem yn 't fordjer



Tjibbe Geerts van der Meulen. 1824-1906
Ut: Ald en Nij. Forsprate en neilittene skriften yn rym en onrym fen
Tjibbe Geerts van der Meulen.
By-inoar samle troch syn soan W.A.
mei help fen Waling Dykstra en oaren.
Utjown by Gebrs. v.d. Meulen to Birgum. ± 1910