Boek Piet Paaltjens                                   Piet Paaltjens  Dichter-dominee  1835 - 1894                             


Beginpagina

Jeugdjaren in Leeuwarden

Studententijd in Leiden

Predikant in Foudgum

Predikant in Den Helder

Predikant in Schiedam

Over Piet Paaltjens

Culinaire citaten

Gedichten over eten en drinken

Culinaire bloemlezing

Culinaire links

Culinaire reizen, kooklessen

Contact  
Soere sûpenbrij

Jippe woe gjin hap mear ite,
Sûpenbrij wie him te soer,
En hy siet tsjin mem te seuren,
Der moest earst mear sûker oer.
Mar hy krige net in skepke.
      Derom wied er poer!

Jippe skode 't board fan siden
En hy soe nei bûten ta.
Mem sei: 'Do komst net de doar út,
Of do silst dy brij op ha.'
En as Jippe nei dy brij seach,
      O, dan griisde 'r sa!

Mar hy moast op 't lêst wol ita,
want hy murk, hy wûn it net.
Doe't hy einlings alles op hie,
Is er gau nei skoalle set.
En dêr krige 'r straf fan juffer,
     Want hy kaam te let!
     

G. Baarda  1915 - 2006
Ut: Soere sûpenbrij en sûkertaai.
AFUK 1983