Boek Piet Paaltjens                                   Piet Paaltjens  Dichter-dominee  1835 - 1894                             


Beginpagina

Jeugdjaren in Leeuwarden

Studententijd in Leiden

Predikant in Foudgum

Predikant in Den Helder

Predikant in Schiedam

Over Piet Paaltens

Culinaire citaten

Gedichten over eten en drinken

Culinaire bloemlezing

Culinaire links

Culinaire reizen, kooklessen

Contact  
Yn dit doarp

soms tink ik
yn dit doarp
hat de tiid
eefkes ûnder seil west
it rûkt hjirre
noch altyd
nei sangerige sûpenbrij

lytse nearringdwaanden
rinne te keap
mei in negoasje fan neat

op itselfde stuit lykwols
dat ik Sijke Bôlekoer
om 'e hoeke ferwachtsje
en ik mysels
ta Jan Peteroalje tink
sjit in lytse Rudmer-of-sa
op in raketfyts my foarby

gau keapje ik
in broadsje enerzjy
by Sijke Bôlekoer
tenk ik branje
by Jan Peteroalje
en mei rakettinzen
set ik de efterfolging yn

as ik him ynhelle ha
tink ik
no mei om my
de tiid
wol efkes ûnder seil gean
en it soe ek net slim wêze
kaam de rook
fan sangerige sûpenbrij
my yn é noas


Meindert Bylsma 1941
Ut: Tekens fan hjoed nei juster
Utjouwerij QkeleQ 1986